Grutte brân op It Hearrenfean
Yn in bedriuwssammelgebou op It Hearrenfean hat tiisdei brân west. De brânwacht koe it fjoer mar dreech ûnder kontrôle krije. Efkes foar fjouweren moarns bruts de brân út yn in romte fan de Muziekfabriek. Dêr wiene op dat stuit gjin minsken.
Tsjin seizen waard it sein 'grutte brân' jûn. Korpsen út de regio rukten út om it fjoer te bestriden. Oer de oarsaak en de omfang fan de skea is noch neat bekend.