Finalisten Liet-Lavlut bekend

13 jun 2006 - 16:57

De sjuery fan Liet Ynternasjonaal hat in kar makke út it rekordtal fan 61 ynstjoerings yn 25 talen. Der binne alve groepen selektearre yn likefolle talen. Fiif talen binne foar it earst te hearren: it giet om it Roma, it Manks fan it eilân Man, it Meankieli, it Votysk en it Sweedsk út Finlân.

De Roma wurde fertsjintwurdige troch de Karavan Familia, in groep út Hongarije. Foar Fryslân giet Van Wieren nei Liet Ynternasjonaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)