Achtkarspelen wol baneplan

13 jun 2006 - 14:03

De gemeente Achtkarspelen giet de boer op om bedriuwen te benaderjen foar nije wurkplakken. B en W wolle sa de wurkgelegenheid in ympuls jaan. Om banen yn de regio te skeppen wol de gemeente gearwurkje mei buorgemeenten Kollumerlân, Dantumadiel en Dongeradiel.

Achtkarspelen wol dat de provinsje jild beskikber stelt yn in fûns. Dat moat derfoar soargje dat de bedriuwen yn 'e streek bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)