Ljouwert sil mear Frysk skriuwe

© Omrop Fryslân
Frysktalige brieven oan de gemeente Ljouwert wurde tenei ek yn it Frysk beantwurde. Dat wol de gemeente Ljouwert fêstlizze yn in taaloardering nei oanlieding fan in inisjatyfútstel fan 'e FNP.
De gemeente hie al in belied oer hoe't it Frysk yn de kommunikaasje tusken amtners en boargers brûkt wurde moat, mar sil dat no in offisjeel tintsje jaan. Wethâlder Bleize wol in 'aktiver Frysk taalbelied' yn Ljouwert.