Tal wurkjenden yn Fryslân leech

13 jun 2006 - 11:22

Fryslân en Grinslân binne noch altiten de provinsjes mei persintueel de minste wurkjende minsken. Yn Fryslân hat 59,5 % fan de beropsbefolking in baan, yn Grins is dat 58 persint. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.

Yn trochsneed hat yn Nederlân 63,2 persint fan 'e befolking in baan. It tal wurkjenden yn Fryslân is net allinnich leger, mar sakke ferline jier ek noch mei 1,7 persint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)