Goed jier foar haven Harns

© Omrop Fryslân
Yn de haven fan Harns is ferline jier mear guod oerslein as yn 2004. De oerslach gie mei hast fiif persint omheech. Harns sit dêrmei yn de middenmoat, fergelike mei de oare seehavens fan Nederlân.
Dat stiet yn it jierferslach fan de Nationale Havenraad. It giet al jierren op en del mei de oerslach yn de Harnser haven. It iene jier wurdt der mear guod ferwurke as it oare jier.