Melden oerlêst moat better

13 jun 2006 - 10:46

It meldsysteem foar oerlêst fan de gemeente Ljouwert moat ferbettere wurde. Dat fynt de PvdA-fraksje yn de gemeenteried.

Ynwenners kinne telefoanysk of troch ynternet oerlêst by de gemeente melde. Mar melders krije faak net yn 'e taseine termyn antwurd. De PvdA fynt dat dat yn 24 oeren tiid barre moat. Ek moat it mooglik wurde dat de melders oer ynternet in foto fan de situaasje meistjoere kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)