Oranje ko yn greide

13 jun 2006 - 10:41

Kafee's, strjitten en winkels kleurje dizze dagen oranje fanwege it WK fuotbal. Mar guon betinke altiten wat nijs. Yn in stik greide yn 'e omkriten fan Raard by Dokkum stapt op it stuit sels in folslein Oranje ko om - mei read-wyt-blauwe poaten.

De felle kleur falt sa op dat de ko gâns oanrin hat. Auto's ride stadiger en minsken wolle de ko op de foto sette. Guon fine de aksje fan de boer út Boarnwert te fier gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)