Tafersjoch Lauwersmar skerper

13 jun 2006 - 10:41

It tafersjoch op wettersporters yn it Lauwersmargebiet wurdt ferskerpe. De plysje hat sneon sân wettersporters in boete jûn om't se oertredings makken op it wetter. Der waard te hurd fearn en guon boatsjefarders wiene yn gebieten dêr't se net komme meie.

De measte oertreders hiene net troch dat se fout sieten. Se seine dat se de buorden net sjoen hiene en wisten dus net hoe hurd oft se farre mochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)