Terpstra nei partoer Bouma

© Omrop Fryslân
Cornelis Terpstra út Ljouwert wurdt de nije achterynse by it keatspartoer mei Jochum Bouma en Tjitte Bonnema. Dy nimme ôfskied fan Marten Feenstra. Bouma en Bonnema wiene net tefreden oer dy syn prestaasjes. Benammen syn funksjonearjen yn it achterperk fûnen syn maten net goed genôch.
De nije formaasje Bouma, Bonnema en Terpstra komt foar it earst op 28 juny yn aksje. Dan is op it Hearrenfean de earste fan in nije rige wedstriden.