Thialf wurket oan simmeriis

© Omrop Fryslân
Op Thialf wurdt wer hurd wurke oan simmeriis. Sneon moat de baan iepen wêze foar reedriders. It is no lykwols dreech om iis te meitsjen, mei bûten in temperatuer fan oer de 30 graden. De koelmasjines draaie de kommende dagen dan ek oeroeren.
As alles goedkomt, leit der fan sneon ôf trije wike lang iis op Thialf. Oer it generaal wurdt dat benamamen brûkt troch profesjonele ploegen, om har al wer ta te rieden op it nije seizoen.