Undersyk poppe De Gordyk ôfrûne

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân en it Iepenbier Ministearje ha it ûndersyk nei de dea fan de acht dagen âlde poppe op De Gordyk ôfrûne. Dêrút kaam fêst te stean dat it om in tragysk ûngelok giet en dat der gjin oanlieding is foar strafrjochterlik ûndersyk.
Ut it ûndersyk docht bliken dat de hûn net earder agressyf west hat. Ek is dúdlik wurden dat de hûn de doar fan de ôfsletten sliepkeamer iepene hat. De poppe is troch de hûn deabiten.