Partoer Lootsma wint yn Stiens

© Omrop Fryslân
De frije formaasjeparij yn Stiens is snein wûn torch Sibbele Lootsma, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. It wie harren earste oerwinning fan it seizoen. Yn 'e finale waard mei 5-3 en 6-4 wûn fan Simon Minnesma, Pieter Scharringa en Douwe Groenendyk.
De tredde priis gie nei Geert Faber en de bruorren Chris en Jacob Wassenaar. Yn Stiens waard kalm trochkeatst ûnder de fuotbalwedstriid Nederlân tsjin Servië-Montenegro.