Jonkje (4) earnstich ferwûne

12 jun 2006 - 10:49

In fjouwer-jierrich jonkje is sneontejûn earnstich ferwûne rekke by in ûngelok op it bedriuw fan syn âlden yn De Tike. It bern woe achterop in trekker mei oplizzer springe, dy't troch syn heit bestjoerd waard. Op dat stuit ried dizze krekt achterút.

It jonkje kaam dêrby te fallen, wêrby't er ûnder oare earnstich letsel oan de holle oprûn. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it UMCG-sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)