SCO bliuwt yn haadklasse
De kuorballers fan SCO fan Aldeholtpea hawwe sneintemiddei de beslissingswedstriid om degradaasje tsjin Koog Zaandijk wûn. De ploech fan trener Sake Koelma pakte mei 14-10 de folle winst op KZ.
Under swiere omstannichheden, it wie 30 graden, hat de winst gjin inkeld momint yn gefaar west. Troch dit resultaat bliuwt kuorbalploech SCO yn de haadklasse spyljen.