Bukssjitterij op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn op It Hearrenfean in 25-jierrige ynwenner fan Langsweagen oanhâlden. Der wie in melding kaam dat ien fan it balkon fan de flat ôf mei in luchtbuks oan it sjitten wie.
De man waard mei noch trije oaren yn in flat oan de Munt oantroffen. De fjouwer manlju binne nei it plysjeburo oerbrocht. Dêr joech de 25-jierrige ta dat er sketten hie. Foar safier bekend is neat of nei ien dêrby rekke.