Snits wint Midsimmercup
It Midsimmercup-fuotbaltoernoai sneon yn Dronryp is by de manlju wûn troch Snits. Yn de finale waard mei 3-0 wûn fan Futsal Club Ljouwert. De finale by de froulju gong tusken ONS Snits en de froulju fan de Grinzer Pein.
It wie in iensidige finale. ONS Snits wûn mei 9-0. It sealfuotbaltoernoai waard dit jier foar de tredde kear holden yn Dronryp.