Brêge Ravenswâld draait wer

11 jun 2006 - 14:05

De âlde brêge fan Ravenswâld draait wer as fanâlds. Nei mear as trije jier praten hat boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf it monumint sneon offisjeel iepene. De brêge is opknapt.

De hefbrêge wie jierrenlang fertutearze en koe op it lêst net iens mear iepen. As it oan de gemeente lein hie, wie der in dûker yn de feart lein. Pleatslik Belang woe dat lykwols net, omdat de brêge gesichtsbepalend is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)