Sinnepont Suwâld alle dagen los

11 jun 2006 - 13:11
Foto: Omrop Fryslân

It sinnepontsje fan Suwâld giet moandei, in wike earder as ferwachte, wer alle dagen lost. Oant no wie it pontsje allinne yn de wykeinen yn de feart. Reden om no al alle dagen te farren is it moaie waar dat de kommende wike foarsein wurdt.

It sinnepontsje fart op en del tusken Suwâld en Garyp. It rint op sinne-enerzjy.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)