Oanranding yn Ljouwert

11 jun 2006 - 11:13

In man fan 21 jier is yn de nacht nei sneon troch de plysje yn Ljouwert oppakt, fanwege oanranding en mishanneling. De man soe yn in kafee oan de Nijstêd in 25-jierrige frou út Harns betaaste ha.

Doe't se har fersette, sloech de man har mei in glês tsjin de holle. Meiwurkers fan it kafee ha de fertochte festhâlden oant de plysje kaam. Dy hat him meinaam nei it buro. De frou is troch in dokter behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)