EVV - Harkemase Boys: 4-3

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys spile sneon yn it Limburchske Echt de heale finale om de KNVB-beker tsjin EVV. Nei 90 minuten stie der 3-3 op it skoareboerd. Yn de earste helte kaam Harkema op in 2-0 efterstân. Foar Harkema skoarden Menno van Dam en René Peterson.
Troch in eigen doelpunt yn de 80e minút fan EVV en in penalty waard it 3-3. Yn it twadde diel fan de ferlinging makke EVV 4-3 troch in penalty en dat wie ek de einstân.