Aksje SP yn Drachten

11 jun 2006 - 10:22

De SP yn Smellingerlân dielt sneon protestfolders út by in feest foar gemeente-amtners yn Drachten. De aksjefierders wolle dêrmei omtinken freegje foar de earmoed yn de gemeente.

Yn Drachten is krektlyn in 'Voedselbank' oprjochte dêr't earme minsken fergees iten ôfhelje kinne. Der is in soad belangstelling foar de pakketten mei iten. De SP wol mei de aksje dat de amtners stilstean by de needsaak fan in better earmoedbelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)