'Kijk mijn erf' yn Fryslân

11 jun 2006 - 10:22

Minsken kinne sneon omstrune op hiemen fan buorkerijen en prate mei boeren oer de natuer dy't om de pleats hinne te sjen is. It is sneon nammentlik de dei fan 'Kijk mijn erf'.

Lânskipsbehear Fryslân hat fiif boeren ree fûn har hiem en buorkerijen iepen te stellen foar it publyk. It giet om pleatsen by de plakken Terwispel, Rûgehuzen, Boarnwert, Lippenhuzen en Hichtum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)