Ekstra tafersjoch brêgespringe

© Omrop Fryslân
De plysje sil dizze simmer jongeren dy't wettersporters hinderje, ekstra yn de gaten hâlde. It giet om bern dy't fan brêgen springe en te hurd farre mei boatsjes. Se springe flak foar boaten yn it wetter en swimme somtiden te ticht by oare boaten.
Wettersporters fine dat gefaarlik. Springe fan brêgen en swimme by dy brêgen of by skippen is ferbean. Oertreders kinne in boete fan 75 euro of in taakstraf fan 4 oeren krije.