Oppakt foar mishanneling

10 jun 2006 - 15:56
Foto: Omrop Fryslân

In 28-jierrige man út Drachten is yn de nacht nei sneon troch de plysje arrestearre om't er in 15-jierrige jonge mishannele hat.

De fertochte hie yn in kroech oan de Súdkade yn Drachten spul krigen mei de jonge en him yn inoar slein en op de grûn smiten. De plysje hat de man meinaam nei it buro. De jonge is mei in brutsen earm nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)