Presintaasje nije Arriva treinen

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva hat tongersdeitemiddei yn Switserlân de earste fan in grut tal nije treinen presintearre. By Stadler yn Bussnang waard de earste nije Arriva-trein it fabryk útriden.
En it moatte hast wol 'wondertreinen' wêze, want de streekferfierder wol der de helte mear passazjiers mei ferfiere as no. Arriva hat by it Switserske bedriuw Stadler 43 nije treinstellen kocht.