Beachfoljebal op De Jouwer

10 jun 2006 - 14:33

Op de Jouwer binne freedtejûn trije beachfoljebalfjilden yn gebrûk nommen op it terrein by swimbad De Stiennen Flier. It binne de earste permaninte fjilden yn Fryslân. Der wie in grut ferlet fan dizze sport op De Jouwer.

Dêrom is der in nije klub opset foar it beachfoljebal. It beachfoljebalteam Labee-De Vries joech freedtejûn in clinic. It team is drok dwaande har te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen yn Beijing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)