Fytsen feild foar kankerstifting

© Omrop Fryslân
In feiling fan seis Batavusfytsen foar de stifting Kinderen Kankervrij hat 13.000 euro opsmiten. It fabryk hie de fytsen fergees ta beskikking steld. Se waarden ek noch beskildere yn de kleuren fan de stifting.
Sadwaande ha de nije eigners no in unike fyts krigen. De stifting siket fûnsen foar ûndersyk en hâldt aktiviteiten op it mêd fan bernekanker. Batavus is haadsponsor fan de stifting.