Fersprieding donorformulieren

10 jun 2006 - 13:20

De gemeente It Hearrenfean is ien fan de earste Nederlânske gemeentes dy't by it ministearje fan Folkshúsfesting oanjûn hat donorformulieren ferspriede te wollen ûnder de ynwenners.

It Hearrenfean komt dêrmei temjitte oan it fersyk dat minister Hoogervorst oan alle gemeentes yn Nederlân stjoerd hat. Mei de fersprieding fan de donorformulieren hopet de gemeente dat der úteinlik mear minsken har opjaan sille as donor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)