Nijbou skoalle Wolvegea

© Omrop Fryslân
Iepenbiere basisskoalle De Heidepolle yn Wolvegea mei nijbouwe. Dat hat de gemeente Weststellingwerf besletten. It besteande gebou moat ferfongen wurde, om't it der min oan ta is. Der binne plannen om yn de wyk De Heide in brede skoalle te meitsjen.
By de nijbou fan it skoalgebou wurdt dêrom rekken hâlden mei de bou fan in nij multyfunksjoneel sintrum. De gemeente wol foar it begjin fan de simmerfakânsje mei de partijen prate.