''Bisten noait by poppe litte''

10 jun 2006 - 12:42

In lytse poppe kin noait allinnich litten wurde mei watfoar bist dan ek. Dat seit Jikke Schaafstal fan Kollumersweach. Sy hat al jierren husky's. It ras is foar minsken oer it generaal hiel braaf. De hûnen wurde brûkt foar de slide mar ek as gesinshûn.

Hoe't it kin dat in hûn in poppe deabyt, is dreech te ferklearjen. Mooglik is de hûn ferkeard fokt of hat it bist memmegefoelens hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)