Parade by iepening Oerol

© Omrop Fryslân
Terts Brinkhoff iepenet Oerol op Skylge. De artistyk direkteur fan De Parade giet mei syn Flying Festival, in mobile keuken, de Vliegende Vleugel en tal fan Oerolartysten op boereweinen oer it Griene Strân. Ek Nynke Laverman sil sjonge.
Oerol fiert dit jier syn 25-jierrich jubileum. It festival begjint 16 juny en duorret oant en mei 25 juny. It tema dit jier is lânferhuzers.