Sintrum Terherne fertutearzet

© Omrop Fryslân
Restaurant It Skippershûs yn Terherne is yn maart fan dit jier sletten. It gebiet deromhinne fertutearzet hieltyd mear. De hoareka en Pleatslik Belang fine dat der wat oan de situaasje dien wurde moat, mar de gemeente Boarnsterhim seit neat dwaan te kinnen.
Yn maart is de saak sletten fanwege oerlêst fan fermiende prostitúsje yn it gebou. De eigners soene wol wer mei de saak begjinne kinne, as se noch oan in tal easken foldogge.