Fiskers fermist of grap?

10 jun 2006 - 08:40

Twa fiskers yn Stiens wurde fermist. De plysje, brânwacht en in helikopter ha freed nei de fiskers socht. In foarbygonger seach twa stuoltjes mei angels, mar gjin fiskers. Dûkers koenen gjin lichemen fine. Buorlju seagen tongersdeitejûn wol in âld man. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Fanwege de bysûndere spullen dy't op it plak leinen, wurdt rekken hâlden mei in grap. Dan wurde de kosten op de grapmakkers ferhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)