Tsjûgen socht fan brân yn bosk

10 jun 2006 - 08:40

De plysje, de brânwacht en de gemeente Opsterlân roppe de help fan de befolking yn om brânstifting yn de bosk by Bakkefean op te lossen. Tongersdei wie achter de Slotpleats by Bakkefean op twa plakken brân makke.

Der binne dúdlike oanwizings dat de brân oanstutsen is. Der is materiaal by elkoar socht en oanstutsen, seit de brânwacht. De brânwacht freget minsken dy't yn de bosken komme oft se de eagen goed iepen hâlde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)