'Net op gers Cambuur spylje'

10 jun 2006 - 00:00

It fakbûn foar proffuotballers ropt de spilers op om te wegerjen noch op it keunstgersfjild fan Cambuur Ljouwert te spyljen. It bûn giet derfan út dat yn dat keunstgers guod sit, dat kankerferwekkend wêze kin.

It giet om korrels dy't makke binne fan âlde autobannen. Dêr binne de fjilden mei ynstruid. Cambuur Ljouwert hat lykwols earder al sein dat datsoarte rubber net brûkt is yn it stadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)