Smoargens út grêften helle

09 jun 2006 - 17:16

Smoargens yn de grêften yn Ljouwert wurdt keard mei wetterkearingen. Moandei wurde de kearingen pleatst. Boaten kinne der noch farre. De kearingen besteane út in beweechber ramt, mei in rige fleksibele flappen.

It heart by in tal maatregels om Ljouwert oantreklik te meitsjen foar boatsjefarders. Sa wurdt it driuwend guod yn de grêften twa kear yn de wike fuorthelle. Twa jier lyn binne de kearingen ek alris pleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)