Brângefaar yn natuergebieten

09 jun 2006 - 17:15
Foto: Omrop Fryslân

Opsterlân besjocht freed oft der ekstra maatregels nommen wurde moatte tsjin brân yn de natuergebieten yn de gemeente. By Bakkefean is tongersdei is in part fan de heide en de bosk ôfbaarnd. It wie dreech om it fjoer út te krijen om't der gjin wetter yn de buert wie. Doe't der letter in wein mei in pomp kaam, slagge dat al.

Earder hat de gemeente al in smook- en stookferbod ôfkundige yn de natuergebieten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)