Jongeren komme dreech oan wurk

09 jun 2006 - 15:51

Jongeren ha it dreech om in baan te krijen. Fral allochtoane jongeren wurde net gau oannommen. Dat wie ien fan de konklúzjes op de konferinsje tongersdei oer jeugdwurkleazens en diskriminaasje yn Ljouwert.

Earder hie boargemaster Dales sein dat jongeren te min dogge om oan wurk te kommen. Ek soene se net de goeie klean oan ha. Hans de Boer fan de taskforce jeugdwurkleazens rôp bedriuwen op om earder jongeren oan te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)