Offalheffing Ljouwert heech

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert betellet goed in miljoen euro mear foar de ferwurking fan ôffal yn ferliking mei de plakken Venlo en Alkmaar. Dat docht bliken út in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de gemeenteried.
Om de ôffalferwurking mei in bedrach fan 3 miljoen euro kostendekkend te hâlden, is de heffing yn Ljouwert heger as yn oare gemeenten. De ûndersyksútkomsten wurde behannele yn de riedskommisje fan 21 juny.