Brân yn bedriuwsgebou Ljouwert

09 jun 2006 - 10:58

In autoskeabedriuw op bedriuweterrein Skinkeskâns yn Ljouwert is tongersdeitemiddei ôfbaarnd. Der wiene gjin ferwûnen. Wol is der mooglik asbest frijkaam by de brân. Fanwege it asbestgefaar is de strjitte ôfsetten.

Huzen en bedriuwen yn de omkriten moasten de ruten tichtdwaan. De brânwacht hat in soad materieel ynset om it fjoer út te meitsjen. Nei in heal oere wie it fjoer ûnder kontrôle. De plysje ûndersiket de oarsaak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)