Fleantúch Ljouwert net fûn

09 jun 2006 - 10:28

De syktocht tongersdeitemiddei nei it Dútske jachtfleantúch yn Ljouwert hat neat opsmiten. De Keninklike Luchtmacht is yn de Ljouwerter wyk Schieringen op syk nei de oerbliuwsels fan in fleantúch dat dêr yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarten is.

De gemeente is de rioelearring yn de wyk oan it ferfangen en wol net foar ûnferwachte, eksplosive ferrassings komme te stean. De EOD sil meikoarten wer fierder sykje nei it fleantúch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)