Ekspert besjocht klean Vaatstra

© Omrop Fryslân
DNA-ekspert Richard Eikelenboom sil binnen in pear wiken de klean fan Marianne Vaatstra ûndersykje op spoaren fan de dieder. Hy docht dat op fersyk fan Twadde-Keamerlid Nawijn en de famylje Vaatstra.
Eikelenboom wurdt sjoen as ien fan de grutste saakkundigen op it mêd fan DNA. Hy wurke earder by it Nederlânsk Forensysk Ynstitút. Hy hat him earder dwaande hâlden mei de Schiedammer parkmoard en de Deventer moardsaak.