Auto tsjin spoarbomen yn Koudum

© Omrop Fryslân
Op de Stasjonswei yn Koudum is tongersdeitemoarn in man út Snits tsjin de spoarbomen oanriden. Yn de bocht flak foar de spoarwei-oergong wie de man de macht oer it stjoer ferlern.
Hy besocht noch wol te remjen, mar bedarre earst tsjin in lantearnpeal en dêrnei tsjin de bomen. De man hie tefolle dronken en hie gjin rydbewiis. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.