Doutzen iepenet winkel Eastermar

© Omrop Fryslân
De nije supermerk fan Eastermar is woansdeitemiddei iepene troch in supermodel út eigen doarp. Doutzen Kroes is ien fan de nije gesichten fan kosmetikakonsern L'Oreal mei oare topmodellen as Penelope Cruz en Jane Fonda.
Doutzen iepene woansdei de nije winkel fan Sjouke Wijnsma. Guon minsken fregen nei de iepening oft se eefkes op de foto mochten mei it model of om har hanteken.