Germ van der Burg wint De Sweach

08 jun 2006 - 11:12
Foto: Omrop Fryslân

Germ van der Burg wûn woansdeitejûn de Ronde fan Beetstersweach. De hurdfytser fan Folsgeare wie nei 80 kilometer yn de einsprint rapper as Fokke Postma fan Drachtster Kompenije. Beide hurdfytsers wiene út in kopgroep fan njoggen man fuortriden.

Op it tredde plak einige Sierd Steigenga fan Eksmoarre, in ploechmaat fan de winner.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)