De Haan kritysk oer Oranje
Klaas-Jan Huntelaar hie mei it Nederlânsk alvetal mei moatten nei it WK. Dat sei Foppe de Haan woansdei yn it TV-programma Brekking. De trener fan Jong Oranje wiisde dêrbij op de grutte foarm fan de âld-Hearrenfean spiler.
De Haan sei fierder net folle fertrouwen te hawwen yn Oranje. It tiim soe noch net klear wêze foar sa'n swier toernoai as it WK.