VVD wol ûndersyk nei wetterpeil

© Omrop Fryslân
De VVD-steatefraksje wol dat der ekstra ûndersyk komt nei it ferheegjen fan it wetterpeil yn feangebieten. De provinsje en it wetterskip wolle dat simmerdeis it peil yn dy gebieten mei 30 sintimeter omheech giet. Dat soe goed foar de natuer wêze.
De boeren tinke dat de grûn dan sa wiet wurdt dat se net mear mei trekkers it lân oer kinne. By in wurkbesite oan in boerebedriuw yn Jutryp krige de VVD-fraksje útlis.