Boete belediging boargemaster

07 jun 2006 - 23:37

Tsjin in 54-jierrige ynwenner fan Aldehaske is op 'e nij een boete fan 300 euro easke omdat hy boargemaster Kuiper fan Skarsterlân beledige hawwe soe. De man moast woansdei yn it gerjochtshôf fan Ljouwert foarkomme.

It draait allegear om in brief dy't de man yn 2004 nei it OM en Kuiper stjoerd hat. Dêryn docht er oanjefte tsjin Kuiper en beskuldiget er him fan û.o. korrupsje en machtsmisbrûk. Kuiper die doe op syn beurt oanjefte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)