Twa assistinten foar Verbeek

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat foar de kommende twa jier twa nije asisstint-treners. It giet om de âld-fuotballers Hans Visser (39) en Alex Pastoor (39). Visser komt oer fan it Belgyske Genk, dêr't er technyktrener wie. Pastoor wie trener fan it twadde fan Fenerbahce yn Turkije. Hy fuotballe yn it ferline ek in skoft by Hearrenfean.
Troch de dûbele beneaming is de trenersstêf fan Hearrenfean foar it kommende seizoen folslein.